Superoarder Ljouwerter bedriuw

28 aug 2007 - 12:12

Elektroanikafabryk Neways yn Ljouwert ferwachtet in miljoene-oarder binnen te heljen. It giet om komponenten foar in superradioteleskoop yn Dwingelo. Neways leveret oant no ta ûnder oare printplaten foar telefoansintrales. It Nederlânske leger is ek in wichtige klant.

By Neways wurkje hûndert minsken. De Ljouwerter festiging ferhûzet begjin takom jier fan it alde Philipsgebou nei in nij gebou op it Businesspark.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)