Supermerken by rjochter

19 sep 2007 - 14:30
  • It terrein leit noch braak ....
  • ... mar onwenjenden witte wol wat se wolle

De supermerkrúzje tusken de C1000 yn it Ljouwerter Camminghabuorren en de nij te bouwen supermerk yn de Frijheidswyk hat woansdei foar de rjochter west. Yn de Frijheidwyk is in nij multifunksjoneel sintrum pland mei skoallen, wenningen en in supermerk.

Neffens de eigner fan de C1000 kostet de nije super him de kop. It belang foar de Frijheidswyk is grut, want as de grutte supermerk net trochgiet komt der ek gjin multifunksjoneel sintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)