"Supermerken moatte suniger"

07 apr 2011 - 18:17

Supermerken yn Ljouwert soenen folle mear dwaan moatte oan enerzjybesparring. It ôfrûne jier ha tafersjochhâlders fan de gemeente by mear as 30 supermerken op besite west om te sjen hoe't it enerzjyferbrûk werombrocht wurde kin. Dat kin bygelyks troch koelfitrines permanint ôf te dekken.

De measte winkels binne dêr al mei dwaande, mar neffens de gemeente kin dat noch wol better.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)