Supermerk wer de dupe

03 jan 2002 - 00:00

In supermerk yn Surhústerfean is woansdeitenacht foar de fyfde kear yn in heal slachtoffer wurden fan ynbraak. Alle kearen bestie de bút út sigaretten. De skea wie woansdei 900 euro.

Mei kamera's binne no al twa kear werkenbere opnames makke. De apparatuer hâldt de dieven lykwols net tsjin. De eigner fan de supermerk tinkt dat der in bende achter de ynbraken sit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)