Supermerk Holwert komt der toch

06 jan 2006 - 06:55

De supermerk yn Holwert mei gewoan ôfboud wurde. Neffens de rjochtbank yn Ljouwert binne der gjin grutte beswieren tsjin.

De eigner fan de supermerk is bliid mei de útspraak en wol sa gau mooglik wer bouwe. Fjouwer Holwerters lieten earder de bou stillizze omdat se benaud wiene foar oerlêst. De beswiermakkers tinke noch nei oer fierdere stappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)