Supermerk Drachtsterkompenije bliuwt definityf bestean

27 aug 2015 - 18:33
  • it ynterieur fan de doarpswinkel

De doarpssupermerk fan Drachtsterkompenije bliuwt definityf bestean. Earder al hellen de nije ûndernimmers 65.000 euro op mei in crowdfundingsaksje. En no ha se ek in hypoteek krigen, wêrmei't se de supermerk keapje kinne. De nije ûndernimmers hawwe flakby it doarp in soarchbuorkerij mei in deibesteging.

Se sille de winkel mei help fan harren meiwurkers en klanten fan de deibesteging draaiende hâlde. Dat it doarp der ek mei eigen jild achter stiet, hat foar de bank de trochslach jûn by it ferstrekken fan de hypoteek,

Dat seit Kerstin van Kammen fan de soarchbuorkerij. Troch alle feroarings yn de soarch binne banken hjoed-de-dei wat skruten om soksoarte inisjativen te finansieren, seit se.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)