Superkabel makke yn Fryslân

30 sep 2011 - 12:59
  • De giele fezels meitsje de kabel bysûnder. Foto: Wendy Kennedy, Omrop Fryslân

It bedriuw FibreMax fan De Jouwer hat in superkabel makke foar de grutste hysklussen yn 'e wrâld. De fezelkabel kin tûzen ton tille. Dat stiet gelyk oan tûzen auto's of trije jumbofleantugen. De kabels wurde foaral brûkt yn'e off-shore-yndustry. Stielen kabels binne te swier en kabels fan tou rekke út. Keunststoffen kabels binne dêrom in útkomst.

FibreMax is it iennige bedriuw op de wrâld dat sokke kabels makket. Ien oarder is al de doar út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)