Superfluch ynternet yn Dokkum

12 mrt 2009 - 12:30

Yn Dokkum wurde takom wike 60 gewoane wenhuzen oansluten op it glêsfezelnet. It is foar it earst dat soks plakfynt yn Fryslân. De wenningen steane yn de nijbouwyk De Trije Terpen. De bewenners kinne dêr dan 50 kear sa fluch ynternette as de measte oare Friezen.

It giet om in proef fan Kabel Noord. Dêrom hoege de bewenners earst net te beteljen foar de oansluting. Yn Fryslân binne al in soad bedriuwen oansluten op glêsfezel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)