Superbus Ockels yn Drachten

01 jan 2011 - 09:13
  • De superbus yn Drachten.

De âldjiersploech fan frijsteat De Folgeren yn Drachten hat dit jier foar in superstunt soarge. De leden binne der yn slagge om de superbus fan âld-astronoaut Wubbo Ockels en de Technische Universiteit fan Delft nei Drachten te slepen. De bus hat in wearde fan rûchwei 13 miljoen euro.

De leden fan de âldjiersploech wolle net fertelle hoe't se de bus nei Drachten krigen hawwe. It gefaarte stiet op in djiplader foar it eardere Vreewijk yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)