Super Wurdum bliuwt mooglik

13 des 2011 - 07:29

De doarpswinkel fan Wurdum bliuwt mooglik dochs behâlden foar it doarp. Dat waard moandeitejûn dúdlik ûnder in ekstra gearkomste fan doarpsbelang.

Soarchynstelling Talant wol de Sparwinkel mei yngong fan 1 febrewaris 2012 slute om't in soad yn de winkel ynvestearre wurde moat. In pleatslike ûndernimmer wol no mei in wurkgroep ûndersykje oft hy de eksploitaasje wol klear krije kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)