Super-sylboat yn Fryslân

13 jun 2007 - 15:09
  • De Magic makket even in proeftochtje...

De hurdstfarrende sylboat fan Nederlân is sûnt koarten yn hannen fan fjouwer sylleafhawwers út Harns. It giet om de Magic, dy't in snelheid fan sa'n 15 knopen helje kin.

De fjouwer silers kamen der efter dat de boat yn Nederlân lei. Mei help fan sponsors is it slagge om de boat te keapjen. De boat kaam eartiids út yn de America Cup, in grutte sylwedstriid yn de 12-meterklasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)