Super-oaljekoeken yn Wolvegea

28 des 2011 - 06:40
  • Oaljekoek

De lekkerste oaljekoeken fan Fryslân binne neffens it Algemeen Dagblad te finen yn Wolvegea by bakkerij Vliegendehond. De bakker stiet dit jier op it tredde plak yn de jierlikse top 100 fan de krante. Neffens de sjuery is de bol fan Vliegendehond 'een fantastisch bolletje'.

Vliegendehond hat in ynhelslach makke, want ferline jier stiene se noch op plakje 26. Se ha de oaljekoek dit jier wat feroare en dat hat dus resultaat hân. Neffens de bakker skeelt de hege klassearring yn de AD-list wol 10.000 oaljekoeken yn de ferkeap.

Op it 44e plak steane de oaljekoeken fan de kream fan Troost dy't yn Ljouwert op de Nijstêd stiet, hy skoart in 7, mar moat neffens de test de puntsjes noch wol op de i sette. Yn de kategoary foldwaande steane bakker Gühnen fan It Fean en bakker Wouda fan Surhuzum. De oaljekoeken fan de Oliebollengigant yn Kollum stean op plak 110, yn de kategoary 'ekonomysk delikt' mei it sifer nul, net iens in ien foar de muoite.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)