Super bûten sintrum Frjentsjer

02 nov 2007 - 08:41

Der mei in supermerk boud wurde bûten it sintrum fan Frjentsjer. Dat hat de gemeenteried fan Frjentsjerteradiel besletten, omdat de bou fan supermerken yn it sintrum op it stuit ûnmooglik is, omdat twa projektûntwikkelders spul ha. De middenstân fan Frjentsjer is dêr bot ûngelokkich mei. Dy wol it leafst supermerken yn it sintrum ha. De ûndernimmers binne benaud dat se oars ynkomsten kwyt reitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)