Sûnenstest foar Fryske plysje

03 mrt 2008 - 20:19

Plysjeminsken yn Fryslân wurde dizze moanne massaal oproppen wurk te meitsjen fan harren sûnens. Op 10 maart set hjiroer in grutte foarljochtings- en motivearrings- kampanje útein.

Yn 2011 moat eltse plysjeman- en frou yn hiel Nederlân in drege fitheidstest helje kinne. En dat is benammen dreech foar it Fryske plysjekorps, dêr't in soad wat âldere minsken wurkje. It begjint allegear mei in sûnenstest.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)