Sûnensstriid yn Ljouwert

08 okt 2013 - 10:40

Ljouwert docht fan 10 oant en mei 27 oktober mei fjouwer oare stêden mei oan in sûnensstriid. It is de bedoeling dat safolle mooglik ynwenners bewege en sûn ite. De lichaamlike ynspannings wurde digitaal byhâlden. De aksje hat de namme Move Your City krigen. Neist Ljouwert dogge Amsterdam, Rotterdam, Haarlem en Nootdorp mei.

Op it Waagplein yn Ljouwert stiet sneon in rinbân dêr't foarbygongers op rinne of drave kinne om punten te heljen foar de sûnensstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)