Sûnenssintrum yn Easterwâlde

29 jun 2004 - 09:47

It âld-gemeentehûs fan Easterwâlde is ferkocht oan it sûnenssintrum. Sûnt desember ferline jier wurdt al ûnderhannele. De partijen koenen it net iens wurde oer útwreidingsmooglikheden. De fynst fan asbest soarge ek foar fertraging.

Yn it sintrum komt apoteker Kees van der Graaf. Mooglik komme dêr de hûsdokter, fysioterapeut en ferloskundige by. Dêr wurdt noch oer praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)