Sûnenssintrum Ternaard iepene

05 apr 2008 - 12:11

Ternaard is wiis mei it nije sûnenssintrum dat freed iepene waard yn it doarp. It sintrum is boud yn opdracht fan wenningboukorporaasje WoonFriesland. Dy wol sa de leefberheid yn it doarp ferbetterje. Alderein soe mei help fan it sintrum folle langer selsstannich yn it doarp wenjen bliuwe kinne.

Yn it sintrum sitte ûnder oaren in húsdokter, in fysioterapeut en psycholooch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)