Sûnenssintrum by Kealledykje?

18 des 2002 - 00:00

It nije swimbad It Kealledykje yn Ljouwert wurdt mooglik ûnderdiel fan in multysportkompleks dêr't ek in sûnenssintrum by komt. De gemeente Ljouwert en Pelikaan BV, it bedriuw dat it sûnenssintrum beheart, ûndersykje de mooglikheid gear te wurkjen.

It âlde swimbad wurdt sloopt om't it boukundich en technysk yn minne steat is. De kosten foar nijbou, in swimbad en in sporthal, wurde rûsd op 5.540.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)