Sûnenssintrum foar Holwert

23 sep 2013 - 07:55
  • Húsdokter

Yn Holwert wurdt tongersdei in nij sûnenssintrum offisjeel iepene. Yn it ferboude tjinstensintrum Nije Nijhof hawwe no ûnder oaren de húsdokter, fysioterapeut, thússoarch, it sportsintrum, psycholooch, diëtist, massaazjepraktyk, pedikuere en logopedist in plak.

Ek oare partijen, lykas in optisien, meitsje op ferskate deidielen gebrûk fan it sintrum. It gebou is sûnt july dit jier yn gebrûk. De plannen hjirfoar datearje al fan 2009.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)