Sûnensprojekt 'Lekker Fit Fryslân' ek op SBO-skoallen

01 nov 2015 - 18:34

Learlingen dy't op in basisskoalle foar spesjaal ûnderwiis sitte goed bewege en ite litte. Dat is it doel fan it sûnensprojekt 'Lekker Fit Fryslân!' op it spesjaal ûnderwiis. It projekt is in inisjatyf fan Sport Fryslân dy't mei it projekt al in soad ûnderfining opdien hat op reguliere basisskoallen.

'Lekker Fit Fryslân!' wurdt fan tiisdei ôf ek jûn op SBO It Oerset op It Hearenfean en yn Snits op ZML Sinne, SBO Súdwester en SBO Wetterwille.

De learkrêften op dizze skoallen bepale yn oerlis mei meiwurkers fan Sport Fryslân hoe't it fitheidsprogramma der krekt útsjocht. Ek wurdt sjoen oft lesmateriaal dat brûkt wurdt op de reguliere basisskoallen ek brûkber is foar lessen oan bern mei in beheining.

Mooglik wurde der ek lessen fersoarge troch sportferienings en itenssaakkundigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)