Sûnens Knot giet goede kant út

04 aug 2003 - 00:00

Menno Knot is sneon út syn koma kommen. De fraksjefoarsitter fan de VVD yn de Provinsjale Steaten rekke ferline wike swier ferwûne by in fal. Hy sylde mei op in skûtsje fan de IFKS float. Hy ferstapte him doe't er fan de iene boat op de oare soe, en foel yn it wetter.

Knot moat noch wol yn it sikehûs bliuwe om't er in longûntstekking hat. Foarearst wurde de taken fan Knot yn de Steaten oernommen troch fice-foarsitter Monique Boskma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)