Sûnder ûnderfining oseaan oer

05 aug 2011 - 12:44
  • Links Cornelis Douma, rjochts syn maat Travis Croft (Foto: Andries Bakker, Omrop Fryslân)
  • Op nei Drachten (foto: Andries Bakker)

De Fryske seesiler Cornelis Douma út Drachten is tongersdei út Amearika wei op De Lemmer oankaam. Hy die de oerstek tegearre mei in maat. De tocht giet noch fierder nei Douma syn wenplak Drachten. Dêr hopet er freedtejûn oan te kommen.

Oan it begjin fan de silerij oer de grutte oseaan hie Douma alhiel gjin ûnderfining as siler. Hy kocht in twaddehâns boat yn Miami en stuts fan wâl. Underweis krigen se ek noch pech, mar se binne dochs noch goed oankaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)