Sûnder rydbewiis, mei drank op

27 jan 2013 - 14:06
  • Plysje-embleem

In 33-jierrige man sûnder fêst wenplak is sneontenacht yn Ljouwert op 'e nij pakt foar it riden sûnder rydbewiis. De plysje seach de man riden op de Ossekop en by kontrôle die bliken dat er dronken hie. Syn rydbewiis is sûnt 2011 ûnjildich. Yn de lêste trije jier is er fjouwer kear pakt foar it riden ûnder ynfloed en trije kear foar it riden sûnder rydbewiis. De plysje hat no de auto yn beslach nommen. De man hat noch goed 1500 euro oan boetes iepenstean. Hy is ynsletten om't er dat net betelje koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)