Sûnder rydbewiis en mei drank

08 jan 2001 - 16:49

In 24-jierrige man út Easterwâlde is snein troch de plysje oppakt om't er sûnder rydbewiis riedt, tefolle dronken hie en him agressyf opstelde.

De plysje woe de man oanhâlde om't er mei de ljochten út ried. Hy naaide mei hege snelheid út en kaam tsjin in bestelbus ta stilstân. Op it plysjeburo sloopte de fertochte in radiator fan 'e muorre. Hy waard ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)