Sûnder rydbewiis en mei drank

04 jun 2014 - 10:08

De 42-jierrige Ljouwerter dy't tiisdei in oanriding feroarsake op de Grinzerstrjitwei yn syn wenplak, ried al 24 jier sûnder rydbewiis en hie tefolle dronken. De plysje is op syk nei tsjûgen fan it ûngelok. De man botste om 5 oere hinne op de auto fan in 31-jierrige stêdsgenoat. Dêrnei botste de 42-jierrige bestjoerder op in lantearnepeal, dy't folslein út de grûn omfier riden waard.

De 22-jierrige dochter fan de man rekke by it ûngelok ferwûne en moast mei de ambulânse nei it sikehûs. De 31-jierrige Ljouwerter rekke net ferwûne.

Om te ûndersykjen hoe't it ûngelok gebeure koe, is de plysje no op syk nei tsjûgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)