Sûnder kenniskampus gjin HBO

19 apr 2006 - 13:36

As Ljouwert net trochset mei de kenniskampus, is dat it einde fan it heger ûnderwiis yn Fryslân. Dat seit foarsitter Frans Kuipers fan it kolleezje fan bestjoer fan de NHL.

De skoalle soe woansdei in demonstraasje hâlde as tsjinlûd nei de protesten tsjin de bouplannen fan omwenjenden fan it Rengerspark. De demonstraasje giet net troch, omdat it beslút oer de beswieren in moanne útsteld is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)