'Sûn trochwurkje oant 63 jier'

19 maaie 2014 - 11:02

Minsken yn Súdeast-Fryslân tinke oant it 63e jier yn folle sûnens trochwurkje te kinnen. Dat is it langste fan alle Nederlanners, sa docht bliken út sifers fan ûndersyksburo TNO. Dy hat in enkête hâlden oer hoe't tocht wurdt oer wurk yn Nederlân. De minsken yn Súdeast-Fryslân binne hiel tefreden oer de eigen sûnens, hoe swier oft it wurk is en de kombinaasje wurk-privee.

It minst lang trochwurkje wolle bewenners fan de Zaanstreek yn Noard-Hollân. Dêr tinke se krekt de 60 jier te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)