Sulveren Skries Fûgelûntwyk

07 mrt 2013 - 14:19

De greidefûgelbeskermers fan Fûgelûntwyk hawwe tongersdei de Sulveren Skries wûn. Fûgelûntwyk yn It Heidenskip is in gearwurking fan boeren, fûgelwachters en Steatsboskbehear.

Sy beheare it gebiet Wolvetine by It Heidenskip. Wetterskip, Steatsboskbehear en provinsje hawwe mei-inoar in behearsplan makke. Bern út de buert beheare in fûgeleilantsje yn it gebiet. Op de Weidevogelkennisdag krigen de inisjatyfnimmers de priis út hannen fan deputearre Johannes Kramer.

De Sulveren Skries is in ûnderskieding foar it bêste inisjatyf op it mêd fan agrarysk natoer- en lânskipsbehear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)