Sulveren Polske útrikt

05 apr 2004 - 00:00

De 12-jierrige Thys de Vries fan Rinsumageast hat moandei yn it provinsjehûs It Sulveren Polske krigen fan deputearre Anita Andriesen. It Sulveren Polske wurdt útrikt oan de jonge of it famke dy't it earste ljipaai fynt fan bern ûnder de 13 jier.

Thys de Vries fûn it ljipaai op 18 maart yn it lân fan syn heit. It is dit jier de twadde edysje fan it Sulveren Polske. It BFVW hat de priis ynsteld om bern mear by de natuer te belûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)