Sulveren polske nei Warkum

30 mrt 2006 - 21:17

Jordy Smit (7) krijt it sulveren polske fan de provinsje net. Dat is de priis foar it earste bern ûnder de 13 jier dat in ljipaai fynt. Jordy fûn wol as earste in ljipaai, mar dat wie ek it earste fan Smellingerlân. Hy hie him dêrom meld by boargemaster Middel fan Smellingerlân en net by de fûgelwacht. Om yn oanmerking te kommen foar de provinsjale priis is dat needsaaklik.

It sulveren polske wurdt no jûn oan de 12-jierrige Bonne Postma út Warkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)