Sulveren Polske foar Jildert

18 mrt 2010 - 10:44
  • Jildert de Vries (foto: Omrop Fryslân)

Jildert de Vries (12) út Minnertsgea krijt tongersdei op it provinsjehûs it Sulveren Polske. De priis is foar it bern oant tolve jier dat as earste yn Fryslân in ljipaai fynt. It Bûn fan Fryske Fûgelbeskeringswachten hat de priis yn 2003 yn it libben roppen. Doel is de bern mear by de natuer te belûken.

De jonge Minnertsgeaster fûn it aai woansdeitemiddei om 3 oere hinne tusken Aldehaske en Haskerhoarne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)