Sulveren medalje foar Nederlânske frouljusswimploech

25 jun 2015 - 18:03
  • Swimme

De Nederlânske frouljusswimploech hat tongersdei op de Europeeske Spelen yn Azerbeidzjan in sulveren medalje helle op de 4x100 meter wikselslach.

De swimsters, wêrûnder Marrit Steenbergen út Easterwalde en Josien Wijkhuijs út Frjentsjer, einigen in heale sekonde nei winner Ruslân. It is foar de 15-jierrige Steenbergen de tredde medalje op de Europeeske Spelen. Woansdei wûn se in gouden medalje op de 100 meter frije slach en tiisdei al sulver op de 4x100 meter frije slach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)