Sulveren kamera foar fotograaf Catrinus van der Veen

25 jan 2016 - 10:05

Fotograaf Catrinus van der Veen hat dit wykein de Zilveren Camera wûn yn de kategory 'Binnenlands Nieuws - Serie'. Van der Veen makke in fotosearje oer de opfang fan flechtingen yn Fryslân. Hy makke de foto's foar de Ljouwerter Krante.

Ferline jier wie Van der Veen yn twa kategoryen nominearre. Foar foto's fan minister Henk Kamp en fan reedriders op natueriis. Hy wûn hjir twa kear sulver mei. Yn 2013 krige er ek in nominaasje, foar syn foto's fan de rellen yn Haren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)