Sulveren fyts foar Idzinga

05 jan 2014 - 10:59
  • Wiebe Idzinga krijt de Sulveren Fyts fan de FNP
  • Wiebe Idzinga krijt de Sulveren Fyts fan de FNP

De Sulveren Fyts fan de FNP is dit jier wûn troch Wiebe Idzinga. De Sulveren Fyts is in priis foar in persoan dy't in foarbyld is foar oaren as it giet om it brûken fan de fyts. Idzinga krige de priis omdat hy bekend wurden is as in persoan dy't altyd trochfytsen bliuwt, ek as oaren him tsjinhâlde. Twa jier lyn makke Hea! in reportaazje oer Idzinga doe't hy de Alvestêdetocht fytste. Hy wie doe de lêste fytser fan de tocht.

Idzinga krige de priis sneon op de nijjiersresepsje fan de FNP yn Frjentsjer út hannen fan deputearre Johannes Kramer.

Neist dizze priis is ek de Fryske Natuer- en miljeupriis útrikt. Dy gie nei de biologyske soarchbuorkerij Gerbranda State yn Pitersbierrum

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)