Sulveren Anjer foar Karstkarel

21 jun 2001 - 00:00

Keunsthistoarikus Peter Karstkarel fan Ljouwert kriget tongersdei yn Amsterdam de Sulveren Anjer. Prins Bernhard langet him de kultuerpriis oer. Oanslutend kinne Karstkarel-en-dy oanskowe by in diner mei Keningin Beatrix.

Karstkarel hat in protte út 'e wei set foar de kultuer yn Fryslân. Sa stie er oan de widze fan 'e ferneamde Slachtemaraton dy't tûzenen kuierders luts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)