Sulveren Anjer foar Bruinsma

07 jun 2007 - 14:17

Klaas_Bruinsma fan Drachten hat tongersdei in Sulveren_Anjer krige. Keninginne Beatrix rikte de prizen út op Paleis Noordeinde yn Den Haach.

Bruinsma waard ûnderskieden omdat er klassikers út de wrâldliteratuer yn it Frysk oerset hat. Foarbylden dêrfan binne de Ilias en de Odyssee fan Homerus, mar ek Ivanhoe fan Walter Scott en Mei fan Herman Gorter. Op dit stuit is Bruinsma dwaande mei Mariken van Nieumeghen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)