'Sulver yn Fryslân hâlde'

02 jun 2014 - 22:15
  • Sulveren berteleppels op in rychje yn Fries Museum

Frysk sulver heart yn Fryslân en net yn in museum yn Hollân, dat derop út is om 'it sulvermuseum' fan Nederlân te wurden. Dat sei direkteur Saskia Bak fan it Fries Museum moandei by de iepening fan de eksposysje 'Zilveren herinneringen'.

Yn de museumwrâld wurdt it lêste jier drok diskusjearre oer 'tematyske konsintraasje'. Neffens dy foarstellen soene de sulverkolleksjes fan de Nederlânske musea konsintrearre wurde kinne yn it Westen. It Fries Museum is dêr net foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)