Sulver werom yn 'De Pleats'

18 apr 2012 - 21:54

Streekmuseum/Folksstjerrewacht Burgum hat in unike kolleksje sulveren gebrûksfoarwerpen út de 18de en 19de ieu krigen, wêrûnder in teepot en in brandewynskom. It binne 74 foarwerpen dy't fan 1700 ôf brûkt binne troch de eigners fan De Pleats yn Burgum. Destiids in pleats en no in hoarekagelegenheid. De famylje emigrearre earder nei Amearika en naam it sulver mei. Mar no is it werom, want de eigner wol dat de kolleksje bymekoar bliuwt.

Woansdei is it presintearre yn de opkeamer fan De Pleats en oer twa moanne is it te besjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)