Sulver Sjinkie Knegt by WB

11 des 2010 - 11:55
  • Sjinkie Knegt

Sjinkie Knegt hat by de wrâldbekerwedstriden shorttrack yn Sjanghai sulver helle op de 1000 meter. De Bantegeaster is dêrmei de earste Nederlanner dy't sa heech op it poadium komt.

Yn de heale finale koe Knegt de lieder yn de WB-stân, de Frânsman Fauconnet, achter him hâlde. Yn de finale gongen de Súd-Koreanen Ho-Suk Lee (de wrâldkampioen) en Sung (Olympysk sulver) ûnderút. Sjinkie Knegt koe allinne de Koreaan Noh net ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)