Sulver foar Zonderland

13 jul 2009 - 17:45
  • Herre Zonderland no twadde op NK

Turner Herre Zonderland krijt mei weromwurkjende krêft de sulveren medaille op it ûnderdiel ringen by it NK turnjen. Zonderland waard op it kampioenskip yn juni tredde. Kampioen waard Yuri van Gelder.

Mar Van Gelder makke moandei bekend dat hy krekt foar it NK betrape is op it gebrûk fan cocaïne. Hy moat syn titel dêrom ynleverje. Herre Zonderland skoot no ien plak op en krijt it sulver yn stee fan it brûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)