Sulver foar Thomas

03 jan 2003 - 00:00

Annamarie Thomas hat op it EK allround reedriden op Thialf sulver helle op de 500 meter. Se hie in tiid fan 39,98. Winner wie Anni Friesinger. Sy sloech mei har 39,39 al in grut gat mei de konkurrinsje.

Groenewold die mei 40,33 ek aardige saken. Marja Vis hie 40,85, foar har dwaan in prima tiid. Barbara de Loor stelde teloar mei 41,49, mar sy hat lêst fan de rêch. Pechstein, ien fan de favoriten, hie 40,27.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)