Sulver foar shorttrackster Suzanne Schulting op WK junioaren

31 jan 2016 - 18:14
  • Suzanne Schulting

Shorttrackster Suzanne Schulting (18) fan De Tynje hat snein op de WK foar junioaren yn Sofia sulver ferovere yn it algemien klassemint. Schulting wûn snein de superfinale en dêrmei wie se wis fan in twadde plak yn it einklassemint. Schulting skreau sneon al histoarje troch as alderearste Nederlânske in yndividuele wrâldtitel te pakken op de 1500 meter.

Op de 500 meter foel Schulting yn de finale. Dêrtroch waard se fjirde en lêste. Op de tûzen meter wûn se de B-finale.

Schulting helle mei-inoar 79 punten, sân minder as de Sineeske wrâldkampioene Qu Chunyu. In wike earder wûn Schulting ek al brûns op it EK foar senioaren.

Mei de Nederlânske ploech op de ôflossing waard noch in brûnzen medalje helle. Schulting hie doe selskip fan Avalon Aardoom, Tineke den Dulk en Gioya Lancee. Sina wûn it goud, Súd-Koreä it sulver.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)