Sulver foar Marrit Steenbergen op estafette frije slach

27 jun 2015 - 16:54
  • Marrit Steenbergen yn aksje

Swimster Marrit Steenbergen fan Easterwâlde hat sneontemiddei by de Europeeske spelen yn Bakoe yn Azerbeidzjan sulver helle op de 4x200 meter estafette frije slach. It wie in bysûnder spannende striid tusken de teams fan Ruslân, Dútslân, Ingelân en Nederlân. Foardat Marrit Steenbergen as lêste it wetter yn moast lei Nederlân noch op in fjirde plak.

Mar troch in tige sterk optreden fan Steenbergen koe de Nederlânske ploech noch opklimme nei in hiel fertsjinstlik twadde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)