Sulver foar Marrit Leenstra op 1000 meter

23 nov 2014 - 09:35
  • Marrit Leenstra wint sulver op de 1000 meter yn Seoul

Marrit Leenstra hat snein by de wrâldbekerwedstriden yn Súd-Koreä sulver helle op de 1000 meter. Yn de ôfslutende rit tsjin Ireen Wüst, einige Leenstra yn in tiid fan 1.17.06. De Sinese Qishi Li wie de rapste, mei in tiid fan 1.16.95. It brûns wie foar de Tsjechise Karolina Erbanova. Sy sette in tiid del fan 1.1.33. Ireen Wüst kaam net fierder as it sechsde plak, mei in tiid fan 1.18.17.

Jan Smeekens einige as fjirde op de 500 meter yn 35.39. De Rus Pavel Kulizhnikov wie de rapste yn 35.18.

De massastart by de froulju waard wûn troch Martina Sábliková. Irene Schouten waard twadde en Rixt Meijer fjirde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)