Sulver foar Knegt op 500 meter

18 jan 2014 - 17:01

Sjinkie Knegt hat sneon sulver helle op de 500 meter by it EK shorttrack yn Dresden. Hy revansjearre him dêrmei foar it teloarstellende 7e plak op de 1500 meter freed. Op de 500 meter knokte Knegt him werom fan in fjirde nei in twadde plak. De winst gie nei de Rus Viktor An. Dy is ek lieder yn it tuskenklassemint.

Knegt stiet no op it tredde plak yn it klassemint. Snein binne noch de 1000 en 3000 meter. De kâns op in poadiumplak is wer grut. Troch it twadde plak op de 500 meter mei Knegt no ek op de Olympyske Spelen útkomme op dizze ôfstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)