Sulver foar Knegt op 500 meter

05 jan 2014 - 14:44
  • Sjinkie Knegt

Shorttracker Sjinkie Knegt hat snein it sulver pakt op de 500 meter by it NK shorttrack yn Amsterdam. Knegt moast Freek van der Wart foargean litte, dy't fan start oant finish oan de lieding gong. Niels Kerstholt kaam as tredde oer de streek. Daan Breeuwsma fan Aldeboarn einige as fjirde. Breeuwsma stie by it NK allinne op dizze ôfstân oan de start, om't er herstellende is fan in firusynfeksje.

By de froulju wie Jorien ter Mors op 'e nij oppermachtich. Nei de 1500 meter sneon wie se snein wer de bêste op de 500 meter.

By de manlju krige de 500 meter in nuver sturtsje. Winner Freek van der Wart kaam juichend oer de einstreek, mar gong dêrnei ûnderút. Knegt koe syn ploechmaat krekt ûntwike, mar rekke mei syn redens de earm fan Van der Wart. Nei ûndersyk die bliken dat de earm by de fal efkes út 'e kom west hat. Van der Wart komt dêrtroch net mear yn aksje op it NK.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)