Sulver foar Ireen Wüst op 1500 meter by WK ôfstannen

15 feb 2015 - 14:43
  • It poadium fan de 1500 meter

Ireen Wüst pakte snein it sulver op de 1500 meter by it WK ôfstannen yn Thialf. Yn in streekrjocht duel mei Marrit Leenstra klokte Wüst in tiid fan 1.54.76, wêrmei't se de Amerikaanse Brittany Bowe foargean litte moast. Bowe sette in winnende tiid fan 1.54.27 op it boerd. It tredde plak gong nei har lângenoate Heather Richardson. De freondinne fan Jorrit Bergsma notearre in tredde tiid fan 1.55.60.

Marrit Leenstra einige mei 1.55.90 as fyfde, achter Martina Sablikova dy't 1.55.65 klokte. Marije Joling waard sechsde mei 1.56.85.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)