Sulver foar hynder út Bears

06 aug 2012 - 20:56
  • Bubalu

It hynder Bubalu fan Bears hat moandei sulver wûn op 'e Olympyske Spelen. It hynder is fokt yn 'e stâl fan Van de Lageweg. Springruter Jur Vrieling fan Grins ried de sulveren race op it hynder. It goud gie nei Ingelân. Dy wiene better yn 'e beslissende barraazje fan 'e wedstriid.

It sulver foar Bubalu smyt ekstra oandacht op foar de stâl fan Van de Lageweg yn Bears. Neffens Janko van de Lageweg iepenet it nije doarren foar it bedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)