Sulver foar Arjen v.d. Meulen

21 des 2008 - 17:58

Op it Nederlânsk kampioenskip koartebaan yn Amsterdam helle Arjen van der Meulen snein sulver op 1500 meter frije slach. De Fries-om-utens swimt foar PSV Eindhoven, mar komt út Ljouwert.

Ilse Kraaijeveld fan it Ljouwerter Orca helle in knap fjirde plakje op hûndert meter frije slach en einige in goede trije tellen efter Marleen Veldhuis, dy't yn dizze race in Europeesk rekord swom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)