Sulver foar Arjan Stroetinga by massastart yn Berlyn

07 des 2014 - 16:57
  • Arjan Stroetinga

Arjan Stroetinga fan Waskemar hat snein yn Berlyn sulver helle op de massastart. De 33-jierrige maratonrider fan Team Clafis moast nei sechtjin ronden yn de einsprint syn meardere erkenne yn Seung-hoon Lee út Súd-Koreä. De Belch Bart Swings einige op it tredde plak. Jorrit Bergsma ried in soad op kop, mar koe net allinne fuortkomme. Hy is as fjirde einige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)